Miljeuprizen FNP útrikt

De miljeupriis fan de FNP giet dit jier nei it bedriuw Sustainable Winners fan Harich. Dat is sneon bekendmakke by de nijjiersgearkomste. Dit bedriuw ûntwikkelet ynstallaasjes om mei help fan baktearjes enerzjy op te wekken út biomassa. Dêrby komt gjin CO2 frij.
Tagelyk waard ek de tradisjonele Sulveren Fyts útrikt. Dit is in priis foar in persoan dy't alle dagen de fyts brûkt, bygelyks foar it wen-wurk-ferkear. De priis waard útrikt oan Hindrik Boonstra út Sint Nyk. Hy fytst altyd fan syn wenplak nei syn wurk yn Opsterlân.