Man (32) tsien meter meisleept

Oan de Mieden yn De Westereen is sneontejûn in man fan 32 jier ferwûne rekke, doe't er oanriden waard troch in auto. Hy hie syn auto stilset op de dyk en de alaarmljochten oandien. Hy soe útstappe, mar seach net dat der krekt in oare auto om him hinne ried. Hy waard oanriden en tsien meter meisleept.
It slachtoffer út De Westereen is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs. De dyk hat yn ferbân mei it ûngelok in skoft ôfsletten west.