Peddelalvestêdetocht folbrocht

05 jan 2013 - 21:02
  • Supper Van Overbeek op de Sleattemermar

Jasper van Overbeek fan Swol (31) hat de peddelalvestêdetocht folbrocht. Sneontejûn om healwei achten wie hy werom yn de Prinsetún yn Ljouwert. Hy hie doe hast 38 oeren ûnderweis west en wie 'hielendal stikken', sa't er sels sei. Fral de lêste kilometers foelen him swier. Yn de nacht fan freed op sneon oerwage hy ien kear om ôf te stappen, mar nei in petear mei syn heit, sette hy dochs troch.

By de sport stand-up paddle steane je op in soarte fan surfplanke, wylst je peddelje. Noch nea earder hat immen de alve stêden nonstop dien.

Van Overbeek, dy't berne is yn Boalsert, waard yn Ljouwert opwachte troch in grutte groep kunde, wêrûnder syn eigen freondinne. Van Overbeek is yn it deistich libben fotograaf en docht noch mar oardel jier oan stand-up-paddling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)