Leenstra nei ien dei earste

05 jan 2013 - 17:18

Margot Boer hat sneon op de 1.000 meter har kopposysje by it NK sprint ferspile oan Marrit Leenstra. Boer lei de kilometer ôf yn 1.18.74, goed foar it fjirde plak. Sy joech mear as in heale tel ta op Marrit Leenstra, dy't 1.18.22 ried en twadde waard. Ireen Wüst ried op de kilometer op iisbaan Kardinge yn Grins mei 1.17,58 in nij baanrekôr. Troch dy prestaasje stiet Wüst no tredde yn it klassemint.

Thijsje Oenema stiet fjirde yn it klassemint, krekt foar Laurine van Riessen. Snein ride de froulju opnij de 500 en 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)