Fytser stjert nei ûngelok

05 jan 2013 - 16:38

De 75-jierrige fytser út Drachten, dy't tongersdei ferwûne rekke by in ferkearsûngelok, is ferstoarn. De man kaam op de Berchleane yn Drachten troch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in auto, dy't bestjoerd waard troch in 72-jierrige frou út Drachten.

De man kaam dêrby te fallen en waard mei earnstige ferwûnings nei it sikehûs brocht. De man is no oan syn ferwûnings ferstoarn, sa hat de plysje bekendmakke.

Trefwurden: 
ûngelok fytser dea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)