Dakar-race mei List en Schoo

Yn Lima yn Perû set sneon de Dakar Rally 2013 útein, mei inkele Fryske dielnimmers. Wolvegeaster Marcel Schoo en Flylanner Gerard List hawwe beide faker oan de rally meidien.
Schoo waard yn 2007 72e yn 'e auto. Dêrnei hat er it trije kear besocht mei de frachtwein, mar dat mislearre. Twa jier lyn moast Schoo opjaan omdat er black outs hie. Dit jier besiket er it opnij mei Michel van Herpen en Jacobus de Wit. Se sammelje mei harren tocht jild yn foar de striid tsjin kanker. Gerard List is motorkoereur, mar giet dit jier mei yn de frachtwein.
De ferneamde Dakar Rally wurdt sûnt inkele jierren net mear yn Afrika ferriden mar yn Súd-Amearika.