Enkête Friese Koers oer SWF

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits © Google Streetview
De steatefraksje fan Friese Koers wol 800 ynwenners fan Súdwest-Fryslân telefoanysk ûnderfreegje oer har ûnderfinings mei de nije gemeente. Súdwest-Fryslân is twa jier lyn ûntstien troch in fúzje fan fiif gemeenten yn it súdwesten fan Fryslân. Friese Koers fynt dat in goed momint om te peilen hoe't de ynwenners tinke oer de kwaliteit fan de tsjinstferliening, mar ek oer de nije útwreidingsplannen fan de gemeente.
Ek wurdt frege nei de miening oer de kabinetsplannen om te stribjen nei gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners.
Friese Koers wol de resultaten fan de enkête brûke by de diskusje oer nije weryndielingen yn Fryslân. Der wurdt ek in rapport fan makke dat de fraksje oanbiede wol oan boargemaster Apotheker. De gemeente Súdwest-Fryslân lit it kommend jier ek sels in evaluaasje-ûndersyk dwaan nei it funksjonearjen fan de nije gemeente.