Help foar skoalle Boarnwert

05 jan 2013 - 12:04

Skoalle Bernewird yn Boarnwert krijt help fan ferskate ynstânsjes by it opheinen fan de bern út Raard. No moandei begjinne de skoallen wer. Wat fral belangryk is, is om it gewoane ritme wer te pakken te krijen. Guon learlingen hawwe neat fan it ûngelok yn de nacht fan âld en nij meikrigen, wêrby't in frou ynried op in groep Raarders. Wylst oaren der by wiene en sels noch holpen ha.

Snein is der in spesjale tsjerketsjinst yn Raard, dy't folslein yn it teken stiet fan it slimme ûngelok.

Om alle belangstellenden opheine te kinnen, wurdt der in tinte by de tsjerke pleatst. Op dizze website snein mear ynformaasje oer dy bysûndere tsjerketsjinst.

Trefwurden: 
Raard Bernewird Boarnwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)