Frou jaget oerfaller it hûs út

05 jan 2013 - 11:54

Frou Bron (72) út Oerterp hat freedtenacht in oerfaller har hûs útwurke. Se warskôge de plysje dy't de oerfaller, in man (21) út Grins, even letter oanhâlde koe. Frou Bron hearde nachts om kertier foar twaen gestommel op de galerij by har wente op it Lijteplein. Doe't se de doar iepen die kaam in man mei in wapen op har ôf rinnen dy't jild easke. Hy woe har hûs yngean, mar frou Bron treau him derút en belle 112.

Op de Boskwei seach de plysje de man even letter rinnen. It fjoerwapen is yn beslach naam.

By de oanhâlding waard dúdlik dat de fertochte foar de oerfal op de Beakendyk op in stellen heftruck omriden hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)