Soad foto's foar fersetsmuseum

05 jan 2013 - 11:33

De spesjale ynleveraksje fan it fersetsmuseum hat freed hûnderten bysûndere foto's en oar guod út it deistich libben yn de Twadde Wrâldoarloch oplevere. It fersetsmuseum hie dêr om frege omt se dy brûke wolle as it museum yn septimber wer iepen giet. Yn de útstalling moat it gewoane libben in grutte rol krije.

Ek wie der by de ynleveraksje in soad omtinken foar persoansbewizen. Yn it nije museum komt ien muorre hielendal fol te hingjen mei dizze passen. Dêrfoar binne noch hûnderten passen nedich. Freed kamen al inkelde tsientallen binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)