Frou berôve fan jas en tas

In frou (21) út Drachten is freedtenacht mei geweld berôve fan har jas en tas. De frou stapte fannacht op in parkearplak oan de Singel yn Drachten yn har auto, doe't in man op har rút tikke. Doe't se de doar iepen die, krige se klappen en waard se bedrige troch in man mei in Antilliaansk uterlik. De oerfaller stapte dêrnei mei har jas en tas yn in reade Renault Mégane, dy't klear stie en bestjoerd waard troch in twadde man.
De Renault ried fuort yn de rjochting fan de Noarderdwersfeart. De plysje hat de fertochten noch net fine kinnen.
De plysje is op syk nei tsjûgen fan de rôf, dy't him ôfspile om healwei ienen hinne. De frou rûn ferwûnings yn it gesicht op.