Alkoholkontrôles net op oarder

04 jan 2013 - 19:31
  • Drank

Fryske gemeenten binne net klear foar de nije drank- en hoarekawet. Fan 1 jannewaris ôf binne se ferantwurdlik foar it tafersjoch op it jaan fan alkohol en it drankgebrûk. Oant no ta waard dat dien troch de Voedsel en Waren Autoriteit. Ut ûndersyk fan Bureau Horeca Bijzondere Wetten docht bliken dat de boargemaster yn 59% fan de gefallen noch gjin tafersjochhâlder oanwiisd hat.

Yn Fryslân rint dat sels noch fierder achter. Dat is neffens Bureau Horeca Bijzondere Wetten soarchlik om't dêrtroch it alkoholmisbrûk ûnder jongeren oprinne kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)