'Friezen bliuwe optimistysk'

04 jan 2013 - 17:33
  • Optimisme op de nijjiersresepsje fan de provinsje Fryslân

Op it provinsjehûs wie freed de drokke nijjiersresepsje fan de provinsje Fryslân. De toan fan kommissaris fan de Keninginne Jorritsma wie optimistysk. 'Fryslân bliuwt de moaiste provinsje fan Nederlân en al binne de ekonomen somber: Wy Friezen bliuwe optimistysk.'

De provinsje wol yn 2013 ynvestearje yn de ekonomy en dêrfoar ek de NUON-jilden brûke. Yn de NUON-pot sit mei-inoar 1,2 miljard euro. De ynvestearrings krije ûnder oaren foarm troch de bou fan in nij Thialf en de wetterkampus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)