Mediafûns provinsje hast los

04 jan 2013 - 15:51

It mediafûns fan de provinsje sil yn de maitiid úteinsette. Yn it fûns sit 350.000 euro. Sjoernalisten en mediabedriuwen dy't ûndersyk dwaan wolle nei saken dy't spylje yn Fryslân of oan fernijing dwaan wolle kinne in oanfraach yntsjinje.

Der komt in ûnôfhinklike kommisje dy't it kolleezje fan deputearre steaten oer de oanfragen advisearje sil. Mei it mediafûns wolle deputearre steaten de kwaliteit en it ferskaat oan media yn Fryslân stimulearje. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma is ien fan de inisjatyfnimmers fan it fûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)