Froulju pleatse wolkomsboerd

04 jan 2013 - 12:55

Trije froulju fan 19 jier út Haulerwyk hawwe sels in Wolkom-yn-Fryslânboerd makke. It giet om it reade pompeblêd mei dizze tekst, sa't dy der wol mear binne by de grinzen fan Fryslân. By Haulerwyk stie noch net sa'n boerd. Foar minsken dy't út Grinslân of Drinte komme is it dêrtroch net altyd dúdlik wannear't se yn Fryslân binne.

It wolkomsboerd is delset as nijjiersstunt, mar stiet nei in heale wike noch hieltyd op syn plak. Yolanda Hut is de inisjatyfnimmer. Sy freget al twa jier om in offisjeel wolkomsboerd.

Omdat de provinsje Fryslân oant no ta gjin aksje ûndernaam, hawwe de froulju sels in boerd makke en pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)