Bromfytser ferwûne by ûngelok

De bestjoerder fan de bromfyts rekke by by it ûngelok ferwûne © Ben de Jager, 112 Nederlân
By in ûngelok op de Lyceumwei yn Dokkum is tongersdeitejûn in bromfytser (24) ferwûne rekke oan syn holle. De bromfytser kaam yn botsing mei in auto dy't bestjoerd waard troch in Dokkumer (31).
It slachtoffer waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De man wie net yn it besit fan in rydbewiis. Der wie by it ûngelok gjin alkohol yn it spul.