Fragen PvdA oer minder auto's

© Omrop Fryslân
It autoferkear op de diken om Ljouwert hinne groeit folle minder hurd as tocht wie. Dat docht bliken út sifers fan Rykswettersteat oer it jier 2011. Op it trajekt tusken Marsum en de Werpsterhoek is de groei bygelyks 4,5%, wylst dat yn 2006 noch 12,5% wie. Dat skriuwt de PvdA Ljouwert yn in brief oan it gemeentebestjoer.
De PvdA wol no fan it kolleezje witte oft dizze sifers gefolgen hawwe foar de grutte ynfrastrukturele projekten om de stêd hinne.