Soargen oer gemeentejild

Gemeentehûs Gaasterlân-Sleat
Gemeenten kinne yn de takomst folle minder jild ynvestearje yn nije plannen. Dat komt omdat se net langer frij harren reserves brûke kinne. Dat sei boargemaster Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat tongersdei op de nijjiersresepsje. Gemeenten moatte tenei bankiere by de Nederlandse Bank en dêrtroch kinne de gemeenten net mear sa maklik gebrûk meitsje fan de reserves. Neffens boargemaster Hoornstra moat de Nederlânske Feriening fan Gemeenten folle hurder op de trom slaan yn polityk Den Haach om dit werom te draaien.
De nijjiersresepsje fan tongersdei wie de allerlêste fan Gaasterlân-Sleat. Fan takom jier ôf falle se ûnder de nije fúzjegemeente De Friese Meren.