10.000 hantekens foar Omrop

Tongersdeitejûn is de tsientûzenste hanteken setten op de webside romtefoaromropfryslan.nl. Dat wie Jan H. Kroese út Boalsert. Aldjiersdei stie de teller noch op 9000 hantekens. De webside is sûnt 15 desimber yn de loft en is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân.
De organisaasjes binne skrokken fan de útkomsten fan it mediadebat yn de Twadde Keamer fan desimber. Sa moatte de regionale omroppen yntegrearje yn de lanlike publike omrop en tagelyk 25 miljoen besunigje.
Undertusken is der in keamerbrede moasje oannommen dy't de steatssiktaris freget rekken te hâlden mei de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân as iennichste omrop dy't yn it Frysk útstjoert.