Amtners Fryske Marren byelkoar

03 jan 2013 - 17:06

Alle amtners fan de gemeenten Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân sitte fan tongersdei ôf offisjeel op 'e Jouwer. De gemeenten sille pas takom jier fusearje, mar binne no al ien organisaasje. Der binne noch wol trije boargemasters en gemeenterieden. Mar alle meiwurkers wurkje al wol foar gemeente De Fryske Marren. De 400 amtners passe net allegear yn it gemeentehûs fan Skarsterlân, dêrom is der noch in lokaasje op it yndustryterrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)