Kontakt mei frou út Dokkum

03 jan 2013 - 16:20

Boargemaster Waanders fan de gemeente Dongeradiel hat tongersdei kontakt hân mei de frou út Dokkum dy't yn âldjiersnacht in groep minsken oanriden hat yn Raard. De boargemaster wol fierders neat kwyt oer de ynhâld fan dat petear. Op de spesjale telefoanline dy't de gemeente woansdei ynsteld hat foar fragen nei oanlieding fan it ûngelok binne oant no ta tsien reaksjes binnenkommen. Dy binne foaral fan ynformative aard. It spesjale nûmer 0519-298000 is de kommende dagen noch berikber en ek is it doarpshûs alle dagen iepen.

Dat om minsken te helpen mei it ferwurkjen fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)