Oaljekoekemoal wie oer datum

De oaljekoeken mei bistjes wiene makke fan moal dat oer datum is. Dat seit de Voedsel en Warenautoriteit. Dy hat ûndersyk dien by de bakkerij dêr't de oaljekoeken makke binne. Ferline wike ferkocht brassband Looft den Heere út Wurdum 4500 oaljekoeken, mar nei it ôfleverjen die bliken dat dêr bistjes ynsieten. Ut ûndersyk docht bliken dat it giet om de rysmoalkrobbe. Sa't it no liket krijt de bakker letter in skriftlike waskôging of in boete. Der binne by de VWA gjin klachten binnen kaam fan keapers fan oaljekoeken.