Crone: Plattelân kin wol bouwe

03 jan 2013 - 15:32

As Ljouwert minder huzen bouwe soe, wurde potinsjele bewenners de provinsje útjage, omdat se dan gjin hûs fine kinne. Dat is de reaksje fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert op de miening fan kollega Bearn Bilker fan Kollumerlân. Bilker seit dat it net goed is foar Fryslân, dat der safolle boud wurdt yn Ljouwert. Plattelânsgemeenten sa as Kollumerlân krimpe, omdat se dêr gjin nije huzen bouwe meie. Skoallen, winkels en oare foarsjennings ha dêr fan te lijen. Mar Crone is it dêr net mei iens.

Neffens him hawwe de plattelânsgemeenten noch genôch mooglikheden om te bouwen, mar wurdt dêr gewoanwei gjin gebrûk fan makke. Boppedat kieze ynwenners hiel bewust foar in hûs yn de stêd, just omdat dêr goeie foarsjenningen binne, sa seit Crone.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)