Gastâlderburo Fryslân opholden

03 jan 2013 - 13:00

It gastâlderburo Friesland yn Drachten is der per 1 jannewaris mei ophâlden. Se hawwe de gemeente frege it buro út te skriuwen út it register fan bernedeiferbliuwen. It is net dúdlik oft dat betsjut dat it buro fallyt is. Der wiene al mear as in heal jier betellingsproblemen nei de gastâlders. Yn desimber soe it gastâlderburo oernommen wurde troch it buro Gastouderland út Culemborg, mar dat gie net troch, omdat it Drachtster buro folle mear skulden hie as dat se sein hiene. Se wolle de gastâlders eventueel wol oernimme.

In soad gastâlders binne ûndertusken al oerstapt nei in oar buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)