Technysk personiel frege

It bedriuw Clafis fan It Hearrenfean siket op it stuit mear as fyftich nije meiwurkers. Dat is opfallend, omdat in soad bedriuwen yn de bou it krekt dreech hawwe. Benammen foar technysk wurk is by Clafis lykwols noch in soad personiel nedich. Yn Nederlân binne foar sok wurk hast gjin minsken te finen en dêrom moat der no sels al personiel út Roemeenje komme.
It bediuw lit witte dat se sûnt de krisis hieltyd op syk binne nei technysk personiel. Nettsjinsteande de krisis hat Clafis de ôfrûne jierren in sterke groei trochmakke.
Yn de yndustriële bou en de technyk is de krisis minder te fernimmen as bygelyks by de utiliteitsbou.