'Stêd beneidielet plattelân'

It provinsjale belied, dat der mar yn pear gemeenten nije huzen boud wurde meie, is neidielich foar Fryslân en net sûn foar de wenningmerk. Dat fynt boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. Kollumerlân hat de ôfrûne tsien jier sawat 500 ynwenners ferlern, mar bygelyks Ljouwert is hiel bot groeid. Neffens Bilker ûntstiet dêrtroch in skeefgroei. Dat giet te'n koste fan de foarsjenningen. Bilker fynt dat der opnij nei it belied sjoen wurde moat en dat it wer mooglik wurde moat om ek yn de plattelânsgemeenten nije huzen te bouwen.