Kontrôle by oaljekoekebakker

03 jan 2013 - 10:42

De Voedsel en Warenautoriteit hat in kontrôle dien by de bakker dy't oaljekoeken levere oan brassband Looft den Heere út Wurdum. Ferline wike ferkocht dy band 4500 oaljekoeken, mar nei it ôfleverjen die bliken dat hjir bistjes yn sieten. De ynspeksje seit dat der net in gefaar west hat foar de folkssûnens. Nei alle gedachten wie it moal net goed. Mooglik komt dat trochdat it net goed opslein lei. De ynspeksje is noch mei it ûndersyk dwaande. Sa't it no liket krijt de bakker letter in skriftlike waskôging of in boete.

Der binne by de VWA gjin klachten kaam fan klanten dy't de oaljekoeken kocht hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)