2 mln foar wettersport Kollum

02 jan 2013 - 22:08
  • Wettersporters

It plan om fan Kollum it belangrykste wettersportdoarp fan Noardeast-Fryslân te meitsjen, is in stap tichterby mei in subsydzje fan 2 miljoen euro fan it gearwurkingsferbân Netwerk Noordoost. Dêrfoar kinne ûnder oaren lisplakken oanlein wurde súdlik fan Meckama State, mar ek brêgen ferhege wurde. Fierder moat bygelyks de âlde Sylsterryd útbaggere wurde. Earder stelde de ried fan Kollumerlân sels al 14 miljoen beskikber foar ferskate projekten. Yn in folgjende faze moat ek it sintrum fan Kollum oantrekliker makke wurde foar boatsjefarders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)