Dantumadiel mist fisy kabinet

02 jan 2013 - 20:29

De gemeente Dantumadiel mist by it nije kabinet in dúdlike fisy op de mienskip, op it iepenbier bestjoer en oer hoe't de krisis oplost wurde moat. Dat sei boargemaster Arie Aalberts woansdei yn syn nijjierstaspraak. Dat der besunige wurde moat, fynt hy te begripen, mar net dat de gemeenten der samar allegear taken bykrije wylst der folle minder jild foar jûn wurdt. Dat skeelt Dantumadiel 2,5 miljoen euro, wylst der ek al 1,5 miljoen besunige wurde moat.

Neffens de boargemaster wurdt 2013 in spannend jier, ûnder oaren omdat der in beslissing nommen wurde moat oer de eigen takomst. Der wurdt al in protte praten oer in fúzje mei Kollumerlân en Dongeradiel, mar dúdlikheid is dêr noch net oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)