Stroetinga kampioen massastart

02 jan 2013 - 19:08

Arjan Stroetinga is mei oermacht yn Thialf de earste Nederlânske kampioen massastart wurden. Mei syn sân man sterke BAM-Univé ploech waard de Waskemarder yn in rap tempo nei de finale brocht. Nei tweintich rûntsjes makke Stroetinga mei feart en faasje dien wurk. Gary Hekman waard twadde, Johan Knol tredde. Stroetinga hat him mei syn winst pleatst foar de massastart op de wrâldbeker. Syn ploechmaten Jorrit Bergsma, lieder yn dat WB-klassemint, en Christijn Groeneveld, lieder yn de Maraton Cup, wiene al wis fan in startplak.

Jorrit Bergsma kaam yn Thialf net yn aksje. De Boarnster wie op âldjiersdei hurd ûnderút riden op Thialf. Hy seach dat ek sûnder syn ynbring grutte favoryt Arjan Stroetinga yn de sprint net te ferslaan is. By de froulju wie de earste Nederlânske titel foar Irene Schouten. De Andijkse fersloech yn de einsprint nei fyftjin rûntsjes Mariska Huisman en Carla Zielman fan Rottum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)