Hea! leukste op TV yn 2012

It programma Hea! fan Omrop Fryslân wie it leukste televyzjeprogramma fan 2012. Dat is de útslach fan de ferkiezing dy't woansdei hâlden waard by de Reade Tried, by Omrop Fryslân op radio en op ynternet. Oan de hân fan de nominaasjes fan harkers wie moarns al in top trije gearstâld mei ek it programma Boppeslach Kafee en de útstjoering fan Need op Freed mei de bruorren en susters fan Marianne Vaatstra.
Hea! krige mei alle reaksjes fan de e-mail, ynternet en voicemail goed 60 persint fan de stimmen. Twadde waard it programma Need op Freed.
Dat programma krige ûngefear 34 persint fan de stimmen. Yn de taljochting yn de e-mailtsjes waard dúdlik dat in soad minsken Hea! wurdearje om de fariaasje fan ûnderwerpen en minsken dy't oan bod komme.