Frachtauto yn berm A31

02 jan 2013 - 18:54

Op de A31 tusken Harns en Frjentsjer is woansdetemiddei in frachtwein mei trailer fan de dyk rekke. De hiele kombinaasje kaam yn de berm ta stilstân, krekt foar in sleat. Mei help fan in pear bergingsauto's moast de frachtwein út de berm helle wurde. De dyk lei oer in lingte fan 100 meter fol mei modder en moast skjinmakke wurde. It ferkear op de A31 koe wol gewoan trochride.

Trefwurden: 
Harns A31 Frjentsjer frachtauto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)