Byienkomst ynwenners Raard

02 jan 2013 - 16:23
  • Doarpshûs De Nije Pôle

Der lizze op dit stuit noch 10 fan de 17 slachtoffers fan it ûngelok fan âldjiersnacht by Raard yn de ferskillende sikehuzen. Oft der ek noch minsken yn kritike tastân binne wol de gemeente net bekend meitsje. Fan ien berntsje út Raard lizze sawol de heit as de mem noch yn it sikehús, mar de opfang is goed regele.

Woansdeitejûn is der yn it doarpshús fan Raard wer in byienkomst foar de ynwenners. Foar it wykein sil der in neisoarchplan makke wurde, dêr't de opfang op de langere termyn yn regele wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)