Oerlis yn Raard oer neisoarch

02 jan 2013 - 14:28
  • Kristlike basisskoalle Boarnwird
  • Oerlis oer de neisoarch yn Raard
  • Oerlis oer de neisoarch yn Raard

Woansdeitemiddei is der yn de kristlike basisskoalle fan Boarnwird oerlis oer de oanpak fan de neisoarch nei it ûngelok by Raard. Dêrby binne fertjintwurdigers fan Slachtofferhulp, de gemeente, de skoalle en de tsjerke oanwêzich.

Se sille meielkoar besjen hoe't de ynwenners fan Raard de kommende tiid sa goed mooglik opfongen wurde kinne. Ek sil bepraten wurde oft der noch in folgjende byienkomst foar de ynwenners belein wurde moat. De tsjerketsjinst fan kommende snein stiet ek yn it teken fan it tragyske ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)