Postsegel foar Reinier Paping

02 jan 2013 - 14:14

Alvestêdewinner Reinier Paping hat woansdei syn eigen postsegel krigen fan PostNL. It is dizze moanne 50 jier lyn dat Paping de swiere âlvestêdetocht fan 1963 wûn. De offisjele oerdracht wie yn de bibleteek fan Reinier Paping syn wenplak Swolle.

Op de segel is Paping te sjen wylst hy ûnder in brêge trochkomt by Wytmarsum. Op de nije postsegel stiet in '1', dêrmei kin dy brûkt wurde foar brieven oant 20 gram. Fiif jier lyn wie der ek al in segel mei Paping der op, mar dy wy net te keap yn de winkel en by it postkantoar.

Yn de bibleteek yn Swolle is ek in lytse útstalling te sjen oer de Alvestêdetocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)