Kramer op 1500 m wrâldbeker
Sven Kramer hat him woansdeitemoarn yn Thialf pleatst foar de 1500 meter op de kommende wrâldbekerwedstriden. Olympysk kampioen Mark Tuitert (1.46.82) wûn foar de wrâldkampioen sprint Stefan Groothuis (1.47.27). Wrâldkampioen allround Sven Kramer hie mei 1.47.33 oan in tredde plak genôch. Koen Verweij en Maurice Vriend wiene al wis fan dielname. By de froulju jildt dat foar Marrit Leenstra en Lotte van Beek. Dêr kamen Diane Valkenburg, Linda de Vries en Marije Joling by. De lêste soe ôffalle kinne as de sike Ireen Wüst oanwiisd wurdt.