Ekstreme drokte dokterswacht

02 jan 2013 - 12:17

Desimber hat in ekstreem drokke moanne west foar Dokterswacht Fryslân. Sa wiene der goed 1000 konsulten mear as yn oare moannen en goed 800 mear telefoanpetearen.

De feestmoanne is foar de Dokterswacht altyd in drokke moanne, mar yn 2012 wie it noch drokker as oars. Dit komt ûnder oare trochdat de feestdagen krekt nei it wykein foelen. Boppedat hiene in soad Friezen krekt yn desimber lêst fan búkgryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)