Raard ferwurket leed mei-inoar

02 jan 2013 - 12:10
  • ûngelok by Raard yn de âldjiersnacht

Nijjiersdei yn Raard wurdt noait mear wat it west hat, sa seit de foarsitter fan de tsjerkeried Meindert Talsma. Doarpsbelang en tsjerke lûke mei-inoar op om as ien mienskip help te bieden dêr't help nedich is.

Oer de fraach hoe't je dat oanpakke moatte, wurdt woansdei oerlein troch Doarpsbelang, tsjerke en skoalle. Dy ôfspraak waard makke nei de earste gearkomst yn it doarpshûs fan tiisdei. Neffens Talsma is der noch hieltyd ferlet fan help. De earste opfang fanút de mienskip waard omskreaun as in waarme tekken.

Kommende snein is de nijjierstsjinst fan tsjerke. Dy sil ek yn it teken stean fan it ûngelok dat it doarp troffen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)