Sionsberg wurke mei rampeplan

De Sionsberg © Omrop Fryslân
Sikehûs de Sionsberg yn Dokkum hat âldjiersnacht in wichtige rol spile by de opfang fan slachtoffers fan it ûngelok yn Raard. Fiif ferwûnen waarden opfongen op de ôfdieling 'Acute Diagnose en Opname' fan it sikehûs. Dit wie de earste kear dat dy ôfdieling te krijen hie mei in grutte kalamiteit. Om de opfang goed ferrinne te litten waard in spesjaal rampeplan yn wurking steld.
Yn de Sionsberg binne minsken behannele dy't minder swier ferwûne wiene. Hjirtroch koene de oare sikehúzen har rjochtsje op de soarch foar de swier ferwûnen.