Leukste strjitte yn Ljouwert?
De Kleine Kerkstraat yn Ljouwert is op 'e nij nominearre foar de titel leukste winkelstrjitte fan Nederlân. Twa jier lyn helle de strjitte de titel noch binnen. Doe brochten hast 30.000 minsken harren stim út. De ferkiezing is in inisjatyf fan NL Streets. Dat organisearret de ferkiezing alle jierren om omtinken te jaan oan de lytse selsstannige ûndernimmers.
Neist de Kleine Kerkstraat binne ek trije strjitten yn Amsterdam en ien yn Heemstede nominearre. Op 1 febrewaris wurdt bekendmakke hokker strjitte de leukste winkelstrjitte fan 2012 is.