Plysje praat noch mei tsjûgen

02 jan 2013 - 10:59

De plysje moat noch aardich wat tsjûgen hearre oer it ûngelok by Raard fan âldjiersnacht. In 42-jierrige frou út Dokkum is doe mei har auto op in groep minsken ynried. Der foelen 17 slachtoffer. In man fan 59 út Raard is tiisdei ferstoarn. Tolve slachtoffers lizze no noch yn it sikehús.

De plysje moat in oantal minsken dy't op it momint fan it ûngelok op 'e dyk wiene noch hearre. Se moatte ek noch prate mei in part fan de slachtoffers dy't op dit stuit noch yn it sikehûs lizze.

Woansdeitemiddei is der om 14.00 oere in byienkomst fan fertsjintwurdigers fan slachtofferhelp, skoalle, tsjerke, doarpsbelang en de gemeente. Dêrby binne gjin ynwenners ütnoege. Doel fan de byienkomst is om de neisoarch goed te organisearjen. Der sil ek praten wurde oer it hâlden fan in eventueele twadde byienkosmt foar de ynwenners fan Raard.

Trefwurden: 
ûngelok tsjûgen Raard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)