Grut ûnderhâld yn planetarium

02 jan 2013 - 10:12

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer wurdt fan 8 jannewaris ôf útinoar helle foar grut ûnderhâld. Neffens de oanwizings fan Eisinga sels moat dit ien kear yn de tsien jier dien wurde.

By de wurksumheden wurde alle ûnderdielen fan it oerwurk útinoar helle. Se moatte dan goed skjinmakke en smard wurde. Dêrneist wurdt ek it plafond fan it planetarium skjinmakke en bywurke. It Planetarium is gewoan iepen, de tagong is goedkeaper as oars. It is de ferwachting dat it ûnderhâld oant goed 18 jannewaris duorret.

It ûnderhâld wurdt dien troch deselde spesjalisten dy't ek yn 1997 it ûnderhâld diene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)