Ynbrekkerij yn Ljouwert

02 jan 2013 - 10:02

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 49-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden foar ynbraak yn in wenning oan de Stasjonswei yn dy stêd. In buertbewenner hearde glês rinkeljen en seach dat in man de wenning yngie. Hy warskôge de plysje.

De fertochte naaide dêrnei út, wêrby't er in tas falle liet. De plysje koe de man achter de wenning oanhâlde. De man is meinaam nei it plysjeburo. De tas is yn beslach naam, it is net dúdlik wat der yn de tas siet.

Trefwurden: 
ynbraak Stasjonswei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)