Gjin opsetsin ûngelok Raard

01 jan 2013 - 14:29

Der hat gjin sprake west fan opsetsin, by it ûngelok âldjiersnacht yn Raard, dêr't 17 minsken by ferwûne rekke binne. Dat hat de plysje bekend makke. De frou dy't it ûngelok feroarsake is heard en dêrút hat bliken dien dat it om in ûngelok gie. Fan de 17 slachtoffers lizze noch tolve yn it sikehûs. Guon fan har binne der slim oan ta. Woansdei wurdt yn Raard in byienkomst hâlden, organisearre troch de gemeente, de tsjerke, doarspbelang en de skoalle. Dan wurdt bepraat wat der fierder gebeure moat.

Mooglik komt der ekstra omtinken foar de bern yn Raard. Guon fan har wiene tsjûge fan it ûngelok. Fierder wurdt ek besjoen oft it tradisjonele âldjiersfjoer by de kommende jierwiksel op in oar plak wêze moat.

De politike partijen fan Dongeradiel binne mei in ferklearring kaam:
"De politike partijen fan Dongeradiel bin skrokken fan it slimme ûngefal yn Raard. Wat in bliid treffen wurde moatten hie is útrûn op in trageedzje. Wy sprekke ús wurdearring út foar de ynset en mienskipssin fan de ynwenners, frijwilligers en helptsjinsten. Wy libje mei en winskje elts betterskip en sterkte ta."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)