Doarp Raard yn shock

It doarp Raard is op nijjiersdei yn shock, troch in slim ûngelok yn de âldjiersnacht, wêrby 17 minsken út it doarp en de omjouwing ferwûne rekke binne. Ien fan harren is Thom Feddema. Hy is foarsitter fan doarpsbelang yn Raard en waard ek oanriden troch de frou út Dokkum, dy't mei har auto ynried op in groep minsken by in âldjiersfjoer.
Feddema kaam op de motorkap telâne. Hy hat earst noch oare minsken holpen, mar moast him úteinlik ek yn it sikehûs behannelje litte.