Us Derek is yn Nyegea

01 jan 2013 - 09:48
  • Derek Buitenzorg

It hynder Us Derek fan Omrop Fryslân stiet yn Nyegea. It hynder waard ôfrûne tongersdei stellen út in boks yn Drachten. Der waard fuort tocht oan in âldjiersstunt. Derek hat yn Nyegea selskip fan in Belgysk hynder. It tema dêr is de ekonomy en Derek is dan it pronkhynder en de Belch it wurkhynder.

De Aldjiersploech sil yn goed oerlis mei de belutsenen it hynder weromjaan. Efkes waard tocht dat Derek Buitenzorg yn Easterein opdûke soe. Yn it doarp hong in doek mei in tekst dat Derek mooglik syn opwachting meitsje soe yn dat doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)