Byienkomst foar Raarders

De gemeente Dongeradiel beleit op nijjiersdei om 12.00 oere in besletten ynformaasjegearkomste foar alle ynwenners fan Raard. Dat hat boargemaster Marga Waanders op nijjiersmoarn bekend makke op in parsekonferinsje. De byienkomst is bedoeld om te praten oer it slimme auto-ûngelok fan âldjiersnacht en de gefolgen dêrfan. By dat ûngelok binne 17 ynwenners fan Raard of de direkte omjouwing fan Raard ferwûne rekke. It giet om 16 folwoeksenen en ien bern.
De boargemaster is tige posityf oer de help dy't de doarpsbewenners oan inoar ferlienden.
Boargemaster Waanders is ynwenner fan Raard en wie sels ek dúdlik oandien troch it earnstige ûngelok yn har wenplak. By it ûngelok ried in frou (42) út Dokkum mei har auto yn op it publyk, dat nei it nijjiersfjoer stie te sjen. De santjin slachtoffers lizze yn de sikehuzen fan Dokkum, Drachten, Grins en Ljouwert.