Raard ferslein nei ûngelok

01 jan 2013 - 06:10

It doarp Raard by Dokkum is ferslein nei it slimme ûngelok, wêrby't in frou (42) út Dokkum ynried op doarpsbewenners. By dat ûngelok rekken santjin minsken ferwûne. Fjouwer fan harren binne swier ferwûne. In part fan 'e doarpsbewenners seach dat it ûngelok barde.

'It wie ien grutte gaos. It is echt ferskriklik', seit tsjûge Rienk de Haas. Johan Rozendal hat it oer 'in slachfjild'. 'It echte besef moat noch komme.' Fan guon bern yn it doarp lizze beide âlden yn it sikehûs, mar neffens Rozendal wurde dy bern goed opheind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)