Spoekrider op de A7

Plysje-embleem © ANP
In 83-jierrige man fan It Hearrenfean hat op âldjiersjûn oan it spoekriden west op de A-7. Ien tsjinlizzer moast útwike en bedarre tsjin in frachtwein mei in soad skea oan de auto as gefolch.
De plysje waard troch in behoarlik oantal minsken warskôge middels 112 en slagge der yn de spoekrider oan 'e kant te setten by Aldehaske. Dêr waard syn rydbewiis ynfoardere en waard de man nei hûs ta brocht. It CBR sil sjen oft de 83-jierrige noch wol in auto bestjoere mei.