Gurbe wer op 1 fan de Top100

Gurbe Douwstrea stiet ek dit jier foar de fjirde kear op nûmer 1 fan de Fryske top 100 mei 'De Cliffs of Moher'. Ek de nûmers twa en trije binne net feroare, dat binne Fûgels fan DieTwa en Marije, Maria fan Reboelje. De hiele top 10 bestiet út deselde nûmers as ferline jier, allinnich yn in bytsje oare folchoarder.
Der binne dit jier 18 nije nÛmers yn de Top 100. De heechtste nije binnenkommer is Griet Wiersma mei it Pakke en beppeferske. De top 100 wurdt dit jier foar de 11e kear útstjoerd en is yn 1997 begongen as top 40.
Der hawwe dit jier goed 33.000 minsken stimd foar de Fryske Top 100.